Risiko's mei Internet Explorer

29 apr 2014 - 12:42
  • Internet Explorer

It brûken fan Internet Explorer wurdt ôfret om't der in lek yn fûn is. Hackers soene sa in kompjûter 'oernimme' kinne. Dat kin grutte gefolgen ha om't in soad minsken dit bestjoeringsprogramma brûke. Nei Amearika en Ingelân hat no ek it Nederlânske regear advisearre Internet Explorer foarearst net te brûken.

Letter tiisdei of uterlik woansdei wurdt in oplossing fan Microsoft ferwachte, oant dy tiid is it better om in alternatyf te brûken lykas Google Chrome of Safari, advisearret Ate van de Meer fan it Snitser ICT-bedriuw Snake Ware.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)