Risikogebiet fûgelgryp ûnbekend

14 feb 2006 - 17:01

De LTO-Noard kin plomfeehâlders noch net 'gericht' warskôgje foar fûgelgryp. It is noch ûndúdlik wêr yn Fryslân de risikogebieten lizze. Fan 20 febrewaris ôf moat alle plomfee yn Nederlân binnendoar sitte. Yn risikogebieten moat dat fuortendaliks al. Mar it Ryk hat noch net oanjûn om hokker gebieten it giet.

Earder waarden altyd de wetterrike gebieten oanwiis as risikogebiet. De LTO tinkt dat dat no ek it gefal is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)