Risiko op omfallen kranen yn Alphen wie bekend

29 okt 2015 - 14:07
  • It brêgedek fan de Koningin Julianabrug yn Alphen aan den Rijn
  • It earste part fan de kraan koe fuort ferwidere wurde

Foarôfgeand oan de renovaasje fan de Keningin Julianabrêge yn Alphen aan den Rijn is rekken hâlden mei meardere risiko's, wêrûnder it omfallen fan in kraan. Yn in ynventarisaasje fan de risiko's stiet dat by it wurk ynstabiliteit fan de kranen optrede kin en dat de lading loskomme kin.

Dat stiet yn dokuminten dy't de gemeente oan de NOS jûn hat, nei't dy in berop dien hie op de wet openbaarheid van bestuur (wob). By it wurk foelen yn augustus twa kranen en it troch BSB Staalbouw út Sumar makke brêgediel om.

Dêrtroch rekken achttjin wenningen en winkels swier skansearre. Ek rekke der ien persoan ferwûne by it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)