Risiko gasboarrings ûnderskat

22 feb 2013 - 15:49
  • gas boarje

It risiko op ierdbevings yn lytse gasfjilden wurdt swier ûnderskat. Dat seit âld-NAM-yngenieur Adriaan Houtenbos. It tal skoddings yn lytse fjilden is net perfoarst leger as yn grutte. Dêrom is it fan belang hoeden te bliuwen. Sa wie der koartlyn al in lytse skodding by It Amelân.

Houtenbos fynt dat de pleatslike bestjoerders harren mear en hurder fersette moatte tsjin de gaswinning yn lytse fjilden. Faak hawwe se gjin doel oer de matearje en witte se net wat dien wurde kin om de winning op te kearen.

Snein yn it porgramma Buro de Vries prate wy mei Houtenbos oer de gaswinning yn Fryslân. It giet dan ûnder oare oer de boaiemdelgong en hoe't it kin dat dy oeral folle slimmer útfalt as earder foarsein wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)