Rioelwurksumheden yn Ljouwert

21 jan 2007 - 13:38

Yn de wyk Bilgaard yn Ljouwert wurdt moandei begûn mei rioelwurksumheden. Op ferskate plakken wurdt it rioel ferfongen of komt der in folslein nij rioel. Boppedat krijt de wyk in gemaal en in berchbesinkbassin.

Dat gemaal komt tusken it Rengerspaad en de Bird, it bassin tusken de Hooidollen de Jokse. De gemeente Ljouwert warskôget derfoar dat it wurk foar oerlêst soargje kin foar bewenners fan de wyk en it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)