Rioelwetter rint strjitte yn

30 jan 2010 - 16:30

Wetterskip_Fryslân is drok dwaande in knapte perslieding yn Skarsterbrêge te meitsjen. Troch de lieding giet al it húske-, dûs- en teiwetter fan ´e gemeente Skarsterlân. De lieding knapte freedtemiddei njonken in wenning oan de Hollandiastrjitte. Dêrtroch rûn tûzenden liter stront en urine de strjitte yn.

Omdat de perslieding ticht by in hûs stiet, pleatst Wetterskip in pear daamplaten. Dy moatte foarkomme dat by graafwurk it hûs ynstoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)