Rioellêsten Skarsterlân heger

15 nov 2004 - 17:24

De rioelheffing giet yn Skarsterlân mei njoggen euro omheech ynstee fan mei fiif euro santich. Dat komt trochdat de gemeente de ôfskriuwingstiid fan it rioel ferkoarte hat fan 100 nei 60 jier.

Ek wol it kolleezje de kwaliteit fan it oerflaktewetter ferbetterje. Fierders wol Skarsterlân foar de ynwenners fan it bûtengebiet in koarting regelje by de oanskaf fan in suveringsynstallaasje. De gemeente wol risikofolle rioeloerstuorten saneare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)