Rioelen net berekkene op buien

04 aug 2008 - 16:10

It rioel is net mear berekkene op stoartbuien. As it hurd reint kin al it wetter net gau genôch fuortkomme en kinne strjitten en wenten ûnderstrûpe. Dat wie snein yn de Hoedemakerspolder yn Dokkum it gefal. Nije rioelen wurde dêrom oars oanlein, it ôffalwetter wurdt skieden fan it reinwetter.

Sa kin it reinwetter gau ôffierd wurde nei it iepen wetter en hoecht it net earst nei de suvering. Mar omdat in rioelsysteem 50 jier mei kin, duorret it even foardat it oeral oanpast is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)