Rioel Wielenpôle fout oanlein

17 jun 2011 - 11:46
  • Argyffoto Omrop Fryslân

De nije riolearring ûnder de wyk Wielenpôle yn Ljouwert is net goed. De gemeente hat in diel fan it buizestelsel ôfkard. Op bylden fan fideokamera's is te sjen dat guon buizen net goed lizze. Se slute net goed opinoar oan, sadat it rioelwetter de grûn ynrint.

De minne tastân fan it nije rioel is foar Ljouwert ûnakseptabel. De gemeente hat de oannimmer opdracht jûn de ôfkarde dielen opnij oan te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)