Rioel nei trije jier wer fernijd

11 sep 2002 - 00:00

De riolearring fan de Bleeklaan yn Ljouwert moat nei trije jier alwer fernijd wurde. De buizen binne fersakke om't de tichtheid fan de grûn net goed is. It stik riolearring dat oanpakt wurdt, rint fan it Vliet oant de Tsjerk Hiddesstrjitte.

It wurk duorret sawat de hiele moanne. Foar de ûndernimmers oan de Bleeklaan betsjut dat in soad omsetferlies.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)