Rintsje woansdei it iis op

15 feb 2006 - 08:47

Reedrider Rintsje Ritsma sil woansdei starte yn 'e earste omloop fan 'e ploege-achterfolging by de Olympyske Spelen. Dat hat bûnscoach Ab Krook tiisdei bekend makke. Ritsma sil ride mei Mark Tuitert en Carl Verheijen.

Sy moatte yn de earste omloop in tiid delsette. Op grûn fan dy tiden wurdt de kwartfinale yndoeld. Yn 'e kwartfinale sil de ploech nei alle gedachten bestean út Sven Kramer, Carl Verheijen en Erben Wennamrs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)