Rintsje Ritsma wer wrâldkampioen

12 feb 2001 - 18:18

Yn in spannende ûntknoping op 'e 10 km is Rintsje Ritsma foar de fjirde kear wrâldkampioen allround reedriden wurden. Nei 3 ôfstannen seach it der noch nei út dat Ids Postma de titel binnenhelje soe, mar hy koe de krapoan 7 sekonden foarsprong op Rintsje net fêsthâlde.

De gouden en sulveren medaille bedarren sadwaande yn Fryslân. It brûns wie foar de Nederlânske Belch Bart Veldkamp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)