Rintsje Ritsma dochs nei Hamar

13 jan 2006 - 07:02

Reedrider Rintsje Ritsma fan de Lemmer kin miskien dochs meidwaan oan de EK allround, dit wykein yn Hamar. Hy is oanwiisd as reserve, omdat Bob de Jong him weromlutsen hat.

It komt net faak foar dat in reserve ride mei, mar de kâns is no grutter as oars. Dat komt omdat Sven Kramer noch altiten lêst hat fan de rêch. As dat sa bliuwt, rydt Kramer net, want hy wol syn dielname oan de Olympyske Spelen yn Turijn net yn gefaar bringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)