Rintje Ritsma hat ankel brutsen

16 aug 2003 - 00:00

Rintje Ritsma kin oan it begjin fan it reedrydseizoen net yn aksje komme. De Lemster hat it ankel brutsen by it surfen. Hy is operearre, mar it sil noch wol in pear moanne duorje foardat er wer de âlde is.

Ritsma mist de NK-ôfstannen en de wrâldbekerwedstriiden yn Hamar, Erfurt en It Hearrenfean. De lieding fan reedridersploeg TVM hopet dat Ritsma op 'e tiid wer fit is foar it NK Allround, dat plakfynt yn desimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)