Rintje en Ids hawwe noch kânsen

21 des 2002 - 00:00

Op it NK Allround yn Assen hawwe Rintje Ritsma en Ids Postma nei twa ôfstannen noch kâns op dielname oan it EK. De Friezen stean nei de 500 en 5000 meter op it tredde en fjirde plak.

By de froulju oerhearsket Annemarie Thomas. Renate Groenewold stiet op it twadde plak, tredde is Marja Vis en fjirde Elma de Vries. Snein is de finaledei. De riders dy't by de earste fjouwer einigje pleatse harren foar it EK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)