Rinsmastate wurdt wer in 'hûs'

05 jul 2000 - 18:18

Rinsmastate yn Driezum wurdt wer in wenning. It eardere gemeentehûs fan Dantumadiel is kocht troch arsjitekt Van der Breggen. Hy wol fan it monumintale pân njoggen apparteminten meitsje.

Van der Breggen wol sels ek yn Rinsmastate wenje. Fan keapers fan de oare apparteminten ferwachtet er dat se de tún en it pân meibehearje. De wenten sille sa'n acht ton it stik kostje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)