Rinsma State wer troulokaasje?

21 sep 2006 - 14:15

Der kin mooglik wer troud wurde op Rinsma State yn Driezum. De state wie oant 1998 gemeentehûs fan Dantumadiel en is no fan miljonêr Dirk Scheringa. Dy is Rinsma State hielendal oan it ferbouwen en wol it ta syn bûtenferbliuw meitsje.

By de gemeente hat Scheringa it fersyk yntsjinne om fan Rinsma State wer in troulokaasje te meitsjen. Yn oktober sil de gemeente Dantumadiel te set oer it fersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)