Rinsma priis foar bêste winkel

02 nov 2004 - 15:56

De moadesaak fan Rinsma op De Gordyk is de bêste selsstannige winkel fan Nederlân. De sjuery fan de retail jierpriis 2004 hat dat moandei bekend makke. De priis giet nei Rinsma Fashion en Trends omdat de winkel oansprekt en de klanten tige tefreden binne oer de service yn de saak.

Oan de prestisjeuze wedstriid dienen mear as 300 winkels mei út it lân. It bêste grutwinkelbedriuw is ek bekend makke. Dat is Intratuin wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)