Rinsma no hofleveransier

07 des 2013 - 12:54
  • Rinsma Fashion is no hofleveransier.

It is sneon feest by Rinsma Fashion op De Gordyk. Net allinnich bestiet it moadehûs 125 jier, boargemaster Ravestein kaam mei in wol hiel bysûndere ferrassing, it bedriuw is nammentlik hofleveransier wurden. Dat betsjut lykwols net dat se Máxima of Beatrix no yn de winkel ferwachtsje sille, mar it is wol de slachrjemme op de taart en in bysûndere ôfsluting fan it jubileumjier.

It is in bewiis dat it bedriuw betrouber is, it is kontrolearre troch de Ministearjes fan Ekonomyske en Sosjale Saken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)