Rinne troch opblaasbere term

08 jun 2010 - 09:54
  • Ek polipen yn de opblaasbere term

Yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten stiet takom wike in grutte opblaasbere term. Minsken kinne der trochhinne rinne en sjen hoe't termpolipen en oare termôfwikingen derút sjogge. It sikehûs wol sa dúdlik meitsje hoe belangryk in betide opspoaring fan termkanker is.

De tentoanstelling wurdt organisearre yn gearwurking mei de Maag Darm Lever Stichting. Termkanker is yn Nederlân de op ien nei meast foarkommende foarmen fan kanker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)