Rinne of fytsend nei skoalle

18 sep 2008 - 09:56

Bern rinnende of op ´e fyts nei skoalle gean litte. Dat is it doel fan de aksje ´Op voeten en fietsen naar school´ dy´t Veilig Verkeer Nederland tongersdei hâldt. It is it doel dat bern yn hiel Nederlân net mei de auto nei skoalle brocht wurde, mar rinnend of op ´e fyts komme.

Yn Fryslân giet de aksje in stap fierder. Hjir is it doel dat bern in moanne lang net mei de auto brocht wurde. Bern dy´t meidogge, krije stickers en kinne in priis winne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)