Rindert Straatsma ferstoarn

30 jan 2006 - 17:04

Yn syn wenplak Ljouwert is freed de Fryske politikolooch en taalstrider Rindert Straatsma (69) ferstoarn. Straatsma wie fan 1972 oant 1990 direkteur fan 'e AFUK, de Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje. Yn dy tiid makke de AFUK in sterke groei troch as útjouwerij en kursusynstitút.

Straatsma wie ek polityk aktyf foar D66 en letter by de FNP. Hy wie fierder warber foar de FFU en de Ried fan 'e Fryske Beweging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)