Rinbrêgen yn Harns pleatst

20 maaie 2010 - 15:53
  • Foto's: Jannette van der Ploeg

Yn Harns binne tongersdei twa rinbrêgen pleatst yn 'e seekearing. Kuierders kinne dêroer aanst op 'e kearmuorre komme, ûnder oare om de skippen fan 'e brune float te berikken. De brêgen binne nachts ferfierd nei Harns. Dat wie in grutte put, want se binne goed 6,5 meter breed en 6 meter heech. De rinbrêgen binne makke fan beton.

It duorret noch wol efkes foardat de brêgen iepen gean. Der moatte earst noch leunings pleatst wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)