Rimpen Ljouwerter sil strân op

27 aug 2001 - 00:00

In 37-jierrige Ljouwerter is snein twa kear mei syn auto op in meiwurker fan in camping yn Makkum ynriden. Underweis nei it strân waard er tsjinhâlden. Dochs ried er stapfoets troch, mar der waard gau in kearstek foar de auto set.

Letter kaam de meiwurker op 'e motorkap telâne. De auto riid dêrnei in pealtsje om op it terrein te kommen. De plysje hat de rimpen Ljouwerter oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)