Rimke fan BZV: "Einlik net mear ynkognito nei boer Tom"

23 mrt 2015 - 10:06
  • Rimke oan it wurk yn de kapsalon

Rimke Visser út Balk en tulpeboer Tom út Boer Zoekt Vrouw kinne einlik 'gewoan' yn it iepenbier ôfprate. De tiid fan ynkognito ôfspraakjes is foarby. Snein wie de ûntknoping fan BZV. Foar de lêste ôflevering op tv kaam, mochten Rimke en Tom wol ôfprate, mar dan safolle mooglik jûns, as it tsjuster wie. Ek moast it ynkognito, dus mei bygelyks in sjaal om.

Fan in echte relaasje tusken de twa is noch gjin sprake. De flinters dêr't it stel op hope hie, wienen der net mar se wolle it noch wol kâns jaan. Tom hat Rimke út rom 1800 brieven keazen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)