Riker wurde fan koekeferkeap

22 des 2010 - 11:27

In tal jeugdleden fan de fuotbalklub Warkum hat de jierlikse koeke-aksje brûkt om der sels better fan te wurden. Se ferkochten koeken foar in hegere priis as de trije euro dy't ôfpraat wie. It ferskil stutsen se yn eigen bûse. De fuotbalferiening en de aktiviteitekommissje biede yn in lokale krante ekskús oan. Se sizze har djip te skamjen foar it gedrach fan de jeugdleden.

De fuotbalklup ropt dupearren op har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)