'Rika Troelstra rehabiliteare'

11 jan 2010 - 14:04
  • Rika Troelstra waard berne yn 1867

De suster fan Piter Jelles Troelstra moat rehabiliteard wurde, fine in tal Noardlike PvdA-pommeranten. Rika Troelstra waard yn 1936 út 'e SDAP set nei beskuldigings fan kommunistyske sympatyen.

Ald-deputearre Heldoorn, de Fryske PvdA-foarsitter Bertus Mulder en de foarsitters fan de PvdA yn Drinte en Grinslân hawwe in brief oer de saak stjoerd oan it lanlike PvdA-bestjoer. Dit jier is it 80 jier ferlyn dat Piter Jelles Troelstra stoarn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)