Riis is op 'e nij ynrjochte

19 nov 2002 - 00:00

De werynrjochting fan Riis is klear. Mei in feestlike ôfsluting is de ein fan de wurksumheden tiisdei fierd. It doarp is feiliger wurden, ûnder oare trochdat diken smeller makke binne.

Ek binne nije pleintsjes oanlein om it plak mei 200 ynwenners oantrekliker te meitsjen, ek foar de toeristen. Jierliks komme der 120.000 toeristen. Earder soarge dat foar problemen. Dy binne no oer mei de werynrjochtring dy't goed 750.00 euro koste hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)