Riis: net tefolle asylsikers

01 nov 2014 - 10:52
  • Spandoek yn Riis tsjin komst tefolle asylsikers
  • Spandoek yn Riis tsjin komst tefolle asylsikers

Ynwenners fan Riis protestearje sneon mei spandoeken tsjin de mooglike komst fan in grutte groep asylsikers nei it doarp. Dêrmei meitsje se dúdlik dat se de komst fan 50 asylsikers wol sitten sjogge, mar de komst fan 300 net.

Earder waard bekend dat der mooglik asylsikers komme nei Mooi Gaasterland, it eardere ûnderkommen fan de jeugdsoarch. Neffens de Rysters steane 300 asylsikers net yn ferhâlding ta de 175 ynwenners fan it doarp. Trije spandoeken binne sneontemoarn ophongen by de yngongen fan it doarp en by de yngong fan de bosk.

Wethâlder Durk Durksz fan gemeente De Fryske Marren seit yn in reaksje dat de gemeente noch fan neat wit oer de mooglike komst fan asylsikers. De spandoeken binne sûnder tastimming ophongen, mar de gemeente sil se foarearst net fuorthelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)