Riis makket him klear foar jubileumkonkoers

31 jul 2015 - 15:21
  • It terrein fan it konkoers hippyk yn Riis leit der knap by

Tinten, stekken, it pleatsen fan flaggen en in hiel soad hindernissen: yn Riis is freed útein set mei de opbou foar de 70e edysje fan it ferneamde konkoers hippyk. De hindernissen moatte te plak set wurde en de parkoersbouwer moat in moaie rûte yn de wedstriidbaan útsette, en dat moat allegearre op tiid klear, want sneon wurde der wer 3500 minsken ferwachte by it tradisjonele evenemint.

De organisaasje ferwachtet in soad fan de jubileumedysje. De waarsferwachting is goed en der wurde fjouwer nasjonale kampioenskippen ferriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)