Riis en pasta ferdriuwe jirpel

26 okt 2010 - 12:32

Hieltyd mear minsken tusken de 20 en 45 jier ite yn stee fan jirpels mear riis en pasta. Dêr hat hannelshûs HZPC op 'e Jouwer noed oer. It giet dan benammen om de farske jirpel en net om chips of patat.

Begjin takom moanne organisearret it bedriuw in ynternasjonaal seminar om as jirpelyndustry mei ideeën te kommen om de konsuminten sa fier te krijen dat we pasta en riis wat faker stean litte foar de fertroude jirpel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)