Riis: eangst om asylplan

02 okt 2014 - 06:31
  • It COA hat dizze lokaasje op it each

Undernimmers en ynwenners fan Riis hawwe tongersdeitejûn in gearkomst yn ferbân mei de mooglike plannen foar in asylsikerssintrum yn it doarp. Dat berjocht kaam as in grutte ferrassing foar it doarp. De ynwenners en ûndernimmers binne benaud dat de plannen de ein fan it doarp betsjutte.

Riis telt 175 ynwenners, yn de plannen foar de opfang wurdt útgong fan minimaal 300 asylsikers. Undernimmers binne bang dat de toeristyske sektor troch de komst fan it asylsikerssintrum folslein stil komt te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)