Rige It Swarte Goud oer Fryske hynders begjint op 3 april

22 mrt 2016 - 19:27
  • Yn de rige It Swarte Goud: Blythe Brown hâldt fan Fryske hynders en kostúms

Omrop Fryslân komt yn april mei in searje fan fiif dokumintêres oer it Fryske hynder. Programmamakker Piter Tjeerdsma besiket antwurd te krijen op de fraach wêrom't it Fryske hynder sa populêr is oer de hiele wrâld. Keningshuzen ha se yn har stâl en se wurde brûkt yn films. Mar ek keunstners en sirkusartysten litte har ynspirearje troch it Fryske hynder.

De rige It Swarte Goud fertelt oer de skiednis, de takomst en it sukses fan it Fryske hynder. De earste ôflevering is op snein 3 april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)