Rients Gratama skriuwt mei Aart Staartjes krystmusical

12 apr 2015 - 12:02
  • Rients Gratama

Rients Gratama sil mei Aart Staartjes in krystmusical meitsje. Dy sil yn desimber tolve kear te sjen wêze yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean. De Fryske kabaretier is op it stuit it stik oan it skriuwen.

De musical sil yn it Frysk en it Nederlânsk wêze. Akteur Staartjes (77), dy't yn Fryslân wennet, leart dêrom ek it Frysk praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)