Rienslûs wurdt feilich makke

25 sep 2011 - 10:13

Der binne gjin beswieren binnenkaam tsjin de ferbetteringsplannen fan de Rienslûs by De Lemmer. De lêste twa jier hat Wetterskip Fryslân dwaande west mei de tarieding fan de plannen.

Dêrby wurde de slûsdoarren ferfongen en de rest fan de slûs wurdt sterker makke. Dêrmei moat de slûs foldwaan oan de nije wetlike easken. De ôfrûne moannen mochten de Lemsters op de plannen reagearje, mar it wetterskip hat gjin reaksjes krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)