Riemer kritysk oer Hearrenfean

13 des 2012 - 15:36
  • Earefoarsitter Riemer van der Velde

Riemer van der Velde fynt dat de ried fan kommissarissen fan Sportklup Hearrenfean te fier fan de klup stiet. De ried is net goed op de hichte fan wat der by de klup oan de hân is. De âld-foarsitter fan Sportklup Hearrenfean seit dat fan 'e jûn yn it programma Boppeslach Kafee. Sa fynt Van der Velde dat der in kommisje komme moat om Sportklup Hearrenfean troch te ljochtsjen. Neffens de eare-foarsitter binne der in soad sponsoaren en supporters ûntefreden oer de gong fan saken by de klup.

Van der Velde seit dat de ried fan kommissarissen te fier fan de klup ôf stiet om in goed oardiel te jaan en soe it goed wêze as der ris in eksterne groep komt om te ûndersykjen wat der better kin. Neffens Van der Velde is de finansjele en sportive situaasje net sa min as dat der sein wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)