Riemer en Foppe kommissaris

06 sep 2007 - 16:37
  • Riemer van der Velde komt yn de Ried fan Kommissarissen
  • Foppe de Haan: Kommissaris by Hearrenfean

Riemer_van_der_Velde en Foppe_de_Haan komme yn de Ried fan Kommissarissen fan SC Hearrenfean. Dat is tongersdei bekendmakke. Ek foarsitter Jan de Roos fan de Noordelijke Dagblad Combinatie komt by de kommissarissen te sitten.

SC Hearrenfean krijt foarearst gjin nije foarsitter. Wol wurdt de direksje útwreide fan twa nei trije persoanen. Neist Yme Kuiper en Henk Hoekstra komt ek manager kommersjele saken Jan van Erve yn 'e direksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)