'Riemer docht de klup skea'

15 feb 2013 - 16:55
  • Robert Veenstra, direkteur sc Hearrenfean

Riemer van der Velde is al in skoft dwaande mei it skansearjen fan SC Hearrenfean troch syn oanhâldende negative krityk op beliedsbepalers en technyske stêf. Dat skriuwt de direksje fan SC Hearrenfean op de website nei oanlieding fan it nijs dat Van der Velde de klup ferlit.

De direksje hat Van der Velde woansdei ferteld dat dy syn skoutingsreis nei La Manga net trochgiet, omdat de direksje 'gjin goed gefoel' hat oer de gearwurking. "Voor mensen die uitsluitend als doel hebben de club af te breken, hebben wij geen sympathie."

"Niemand is groter dan onze club'', sa skriuwt de direksje. De direksje ferklearret fierder dat Van der Velde noch hieltiten earefoarsitter is en bliuwt. De direksje ropt Van der Velde dêrom op om mei harren yn petear te bliuwen op basis fan arguminten en feiten, yn it belang fan SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)