Riekele Kobes wint oere-rin

18 okt 2009 - 15:27
  • Riekele Kobes (hjir liinks)

Hurdrinner Riekele Kobes hat de 51e edysje fan de Ljouwerter oererin op syn namme skreaun. De atleet út Nij Beets rûn yn in oere 17 kilometer en 245 meter. De Ljouwerter Douwe Nauta kaam ta 16 kilometer en 753 meter.

By de froulju helle Inge van Schaick út Ljouwert in ôfstân fan 14 kiolometer en 205 meter. De 15- jierrige Charissa Zijlstra fan Lekkum waard twadde mei in ôfstân fan 13.895.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)