Riedstra keapet djoere wein

06 mrt 2009 - 16:35
  • Dit is de Mercedes SLR Sterling Moss

Net elkenien hâldt de hân op de beurs yn dizze tiden fan krisis. Jan Riedstra hat in tige eksklusive Mercedes SLR Sterling Moss kocht. Der wurde mar trije fan nei Nederlân brocht en der wurde mar 75 fan makke.

De rike Ljouwerter sakeman Jan Riedstra hopet de auto yn july yn syn besit te hawwen. Belangstellenden foar ek sa'n eksimplaar moatte flinke ta de bûse: it pronkstik kostet 1,2 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)