Riedsstikken Wymbrits online

05 des 2001 - 00:00

Ynwenners fan Wymbritseradiel kinne yn de takomst alle riedsstikken en brieven foar de gemeenteried ynsjen op de kompjûter. Tiisdei is it riedsynformaasjesysteem al yn gebrûk nommen. Dat betsjut dat de riedsleden de stikken no al op de kompjûter ynsjen kinne. De riedsleden binne bliid mei it nije systeem. Foar de gemeente is dit in wichtige stap yn de automatisearring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)