Riedsskeel Menameradiel oplost

23 sep 2003 - 00:00

It skeel yn de gemeente Menameradiel liket oplost. De opposysjepartijen komme tenei wer op 'e kommisjegearkomsten, sa is moandei ôfpraat op in spesjale gearkomste.

De ferhâldings wiene de lêste tiid striemin. De opposysje beskuldige de koalysjepartijen fan 'âlde polityk'. Sa soe der oerlis mei de eigen wethâlder wêze sûnder dat de opposysje it wist. Ek fielden se harren net serieus nommen yn de gemeenterie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)