Riedsseal komt yn plysjeburo

05 feb 2003 - 00:00

De nije riedsseal fan de gemeente Ljouwert komt yn it plysjeburo oan it Raadhúsplein. De âlde riedsseal is te lyts en it plysjeburo, dat op it stuit restaurearre wurdt, leit flakby it stedhûs. De ferbouwing moat yn de simmer fan 2004 klear wêze.

De amtners kinne dan yn it stedskantoar en yn it stedhûs wurkje. De oare pannen It Bildthuys en it Bestjoerssintrum, wurde ôfstjitten. Dat skeelt jierliks 56.000 euro yn húsfestingskosten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)