Riedsprogram Harns is klear

14 nov 2012 - 10:10
  • It stêdhûs fan Harns

De Harnzer fraksjes fan CDA, ChristenUnie, D66, GrienLinks, Harnzer Belang, PvdA en VVD ha woansdei in riedsprogramma foar de kommende oardel jier presintearre. Yn it program steane 10 punten dy't oanpakt wurde moatte. Sa komt der mooglik in sosjale ombudsman, wurdt de sosjale achterstân fan jongerein oanpakt en moat der in kade foar skippen komme by de ôffaloven fan Omrin. Boppedat komt der in manager dy't ûndersiket hoe't it winkelsintrum ferbettere wurde kin en wurdt it strân opwurdearre.

It programma wurdt 28 novimber bepraat yn de gemeenteried. De fraksjes fan Frisse Wind, SP en List Soolsma hawwe net meidien oan de ûnderhannelings. Boargemaster Roel Sluiter is bliid dat Harns fierder kin mei it bestjoeren fan de gemeente. Ein july klapte de koälysje fan Frisse Wind, Harnser Belang, Grien Links, SP en Lijst Soolsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)