Riedslid stapt út aksjegroep

13 feb 2006 - 11:51

It Drachtster VVD-riedslid Lucy Jonkers stapt út de inisjatyfgroep 'Een Sterk Fries Museum'. De aksjegroep wol dat it Frysk Museum net ferhuzet nei it Saailân yn Ljouwert. Jonkers kin har net mear fine yn de stânpunten fan de groep. Ek is sy it ûniens mei útspraken dy't der dien binne yn de media.

Koartlyn publisearre de aksjegroep in list mei sympatisanten. Mar op dy list stiene ek minsken dy't hielendal net tsjin nijbou binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)