Riedslid mei dea bedrige

13 mrt 2014 - 12:11
  • Tjibbe Brinkman fan de FNP

FNP-riedslid Tjibbe Brinkman út Twizel is mei de dea bedrige. 'Jij gaat er aan' is mei griene ferve op syn hok kladde. Sûnt in wike hat it riedslid fan Achtkarspelen mei fandalisme te krijen by syn hûs midden yn it doarp. De plysje docht ûndersyk nei de bedrigings. Boargemaster fan Achtkarspelen is ek ynljochte.

Bedrigings oan it adres fan polityk aktive minsken komme yn Fryslân faker foar. Sa waard Jelle Hiemstra (doe PVV) mishannele en Annemarie van Gelder fan de Partij voor de Dieren krige in skieppekop yn har tún.

De ôfrûne moanne waard ien op de trije gemeenteriedsleden yn Nederlân mei geweld konfrontearre. Dat die bliken út ûndersyk fan televyzjeprogramma Nieuwsuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)