Riedslid komt wer by gearkomsten

04 mrt 2005 - 12:28

Grien Links-riedslid Schuurmans fan Boalsert komt tenei wer by de gemeenteriedsgearkomsten. Twa wiken lyn makke er bekend dat er net mear komme woe. Hy fûn dat it kolleezje fan B en W skuldich wie oan ûnbehoarlik bestjoer. It soe fragen net of net goed beantwurdzje.

De ried hat fan 'e wike oer it skeel praat. De riedsleden binne it deroer iens wurden dat se mei elkoar fierder kinne, ynklusyf Schuurmans.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)