Riedslid IJnsen mei bliuwe

26 nov 2013 - 09:45
  • Gemeente It Amelân

It Amelanner riedslid Piet IJnsen hoecht fan de oare gemeenteriedsleden net op te stappen nei oanlieding fan in ûndersyk. Dat waard moandei dúdlik yn de riedsgearkomste. Sake-partner EMA BV fan IJnsen hie in hok ôfbrutsen en woe der wer bouwe sûnder fergunning. Boppedat binne asbestplaten net neffens de regels ôffierd.

Yn it rapport stiet dat IJnsen net goed hannele hat. De riedsfraksjes seine dat IJnsen it better dwaan moatten hie, mar dat er wol bliuwe mei. It ûndersyk is útfierd troch Bureau Integriteit Nederlandse Gemeenten (BING).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)