Riedslid Hemminga stapt op

19 sep 2011 - 07:38
  • It gemeentehûs fan It Amelân

PvdA-riedslid Tineke Hemminga fan de gemeente It Amelân hâldt der mei yngong fan it nije jier mei op. Se kin har baan yn Ljouwert as beliedsmeiwurker foar de PvdA-steatefraksje net mear kombinearje mei it riedslidmaatskip, sa hat se witte litten.

Fierder kostet it reizgjen har mear enerzjy as se tocht hie, benammen winterdeis. Hemminga ferhuzet nei Ljouwert. Irma Marinus folget har op as riedslid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)