Riedsleden Súdwest-Fryslân geane op besite yn Wytmarsum

15 apr 2016 - 14:23

In part fan de riedsleden fan Súdwest-Fryslân giet freedtemiddei op besite by it âlde kleaster fan Wytmarsum. Doel is dat dat omfoarme wurdt ta in tydlik asylsikerssintrum foar 200 bewenners. Ut in enkête hat bliken dien dat in mearderheid fan de Wytmarsumers dat oantal te grut fynt. Sy fine dat der plak is foar 100 asylsikers. Boargemaster en wethâlders hâlde lykwols fêst oan it oantal fan 200.

Nije wike moat de ried dêr in beslút oer nimme. Foarútrinnend dêrop hawwe omwenners fan it kleaster de riedsleden útnûge foar in besite.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)